Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Jeremia syn gelyk

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Maître de l’Annonciation d’Aix*
fan Horace Vernet**

Image

Hy hat gjin grutte romte nedich,
in nis mei planke kin er it mei dwaan,
hy heint it wurd fan boppen,
dat him oansprekt om te slaan
de waan fan ‘hjir is ’t fredich’.

Hy bringt it boadskip fan de Iene
mei fjoer en hâldt him tsjin gjin kening yn,
al moat hy ’t wurd ek roppe
dat syn machtsberik is skyn,
de waan fan ‘ik de iene’.

Gjin macht kin ’t wiere wurd ferneare,
mar wat foar eagen is, hat earder nut
as ’t kleare sicht nei boppen;
foar de godsman is de put,
de waan fan ‘wurden keare’.

Op knibbels foar de púnheap-strjitten
oan ’t skriuwen oer wat waard syn grut gelyk,
gjin nut om noch te roppen
oer de kening en syn ryk,
de waan fan ‘better witte’.

Image

* Maître de l’Annonciation d’Aix (15e ieu)
Skilderij ‘De profeet Jeremia’

** Horace Vernet (1789-1863)
Skilderij ‘Jeremia op ‘e púnheapen fan Jeruzalem’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum