Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Hege dreamen

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Jan Mostaert*
Joazef waard net yn de boeien slein,
it slavelibben hie him leard
om beide hannen út te stekken
foar it wurk him op ‘e fingers lein,
fan wat er die, gie neat ferkeard.

Image

Tsjinje, ek foar tsjinners hegerop,
fan farao, stil op ‘e brits,
dêr siet de skinker nêst de bakker,
leech it krop en mei fersleine kop,
troch dreamen yn de nederklits.

‘Kop rjochtop,’ sei Joazef, ‘lit jim hert
mar sprekke, iepen sil ik stean
foar jim en Him nei ús ferlet.’

Beide dreamen kamen út it hert,
de skinker hie it oer de wyn
fan druven, snien fan trije tûken,
mar de bakker hie mei bôle ret
yn trije kuorren, heech deryn.

Joazef lei de dreamen beide út,
noch trije dagen, dan de top:
de skinker soe ferhege wurde,
mar de bakker, foar de fûgels bút,
soe hingje oan de heechste strop.

* Jan Mostaert (sirka 1475-1555/1556)
Skilderij ‘Joazef leit de dreamen fan de skinker en de bakker út’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum