Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Geheim oerlis

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Maarten de Vos*

Image

Yn noed siet kening Sedekia
fanwege Babels leger
dat beneare hiel Jeruzalem,
doe rôp er godsman Jeremia.

Profeet, do silst my neat ferswije,
sis my wat de takomst bringt.

Kening, soe ‘k it planút sizze,
wis is ’t dat de dea my winkt.

Ik swar, do silst yn libben bliuwe
asto my de wierheid seist.

Dan hat God neat oars te sizzen,
Babel is jo moarn it neist.

Wa’t oerrûn is, sil my bespotte,
dus ik bliuw by ’t eigen folk.

Freonen ha jo sakje litten
yn de drek fan harren kolk.

Profeet, do silst oer ’t oerlis swije,
wit dat oars de dea dy winkt.

Rêst kaam doe oer Jeremia:
gjin wurd foar kenings freonen
oer it oerlis oer Jeruzalem
en ’t lot fan kening Sedekia.

* Maarten de Vos (1531/1532-1603)
Yllustraasje ‘Jeremia wurdt troch Sedekia
om rie frege’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum