Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Folop prate

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan William Blake*

In minske hat ferlet fan maten
as er yn de lytse loege sit,
gjin each mear foar de takomst hat,
it ear gjin lûden heint, net wit
wat dan noch falt te praten.

Dan falt de stilte en de maten
sitte swijend om de sike freon,
omdat dy treast betsjutting hat;
Jobs maten binne sa net bleaun,
’t rûn út op folop praten.

Image

Elifaz kaam earst oan ’t wurd,
de wurden streamden út ‘e mûle:
‘Wa’t lijt, stiet by de Hear foar skut,
is skuldich, falt grif yn de kûle.’

Bildad naam it foar God op:
‘De rjochter sil mei ’t rjocht net knoeie,
wat bard is, sjoch dat as in strop,
mar nei de skuld sil ’t libben bloeie.’

Sofar pakte Job by ’t hert:
‘It hert op oarder, dus bekeare,
de lijer hat der dan mei ret,
in nije dei komt fan de Heare.’

Job koe net oars as ek mar prate,
swijend sitte wie der net mear by
om’t freonskip sa gjin wearde hie;
gjin dei waard troch syn antwurd nij,
soe ’t wjerwurd by syn freonen bate?

* William Blake (1757-1827)
Yllustraasje ‘Job en syn pratende freonen’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum