Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Fingerwizing foar Jona

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Michelangelo Buonarotti*

Jona libbe hiel gewoan,
want wêrom moast it sa bysûnder?
It wurk as Amittai syn soan
gie jierrenlang op ’t hiem foar wûnder.

Image

Oant op slach kaam oer de rop
dy’t Jona’s hert brocht yn betizing,
it kloppe fûl en dan wie ’t stop,
’t gie hin en wer… in fingerwizing?

Wurden wiisden him de wei:
nei Ninevé, dat lei yn ’t easten,
in stêd dy’t djip yn ’t kweade lei,
mar Jona seach dêr net it measte.

Hy beseach it fan de kant
dy’t him mear oanspriek, nei it wetter,
de see oer sûnder stikelplant,
gjin weach dy’t stiek, dat wie dus better.

Earst nei Jafo, op in skip
mei ’t fiere Tarsjisj as bestimming,
it heitehiem wie as in stip,
bysûnder waard syn ûndernimming.

* Michelangelo Buonarotti (1475-1564)
Skildering Sikstynske kapel ‘De profeet Jona’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum