juli 9, 2024
fan ûnbekend*
Daniël
Unbidich wie it gouden byld
dat nei de dream ferriisde
yn de delling fan Dûra;
oeral wei rôp doe de foarst
de pommeranten fan syn ryk,
wat op in feestlik barren wiisde.
Omroppen waard út alle macht
dat folken út ’e naasjes
yn de hiele wrâld har falle
litte moasten foar it byld
by ’t klinken fan de hoarn, skalmei
en oar spylark, want út ’e graasje…
… wie elkenien dy’t rjocht oerein
bleau, dus de foarst gjin eare
joech, sy waarden yn de flammen
wijd, ta jiske waard de lea.
Doe klonken hoarn, skalmei en oar
spylark: ‘Ear oan de foarst as Heare!’
* Yllustraasje ‘Nebûkadnessars gouden byld’
oktober 9, 2024
oktober 5, 2024