Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Droech dertroch

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Nicolas Poussin*

Tsien pleagen moasten komme
foar’t de farao belies joech,
foaral troch ’t stjerren fan syn soan,
de dea dy’t hiel Egypte sloech,
hat Mozes’ folk ferromme.

De nacht troch ha se wachte
op ‘e úttocht nei it miel
fan hastich ite; fan it brea
dat plat bleau, krige elk syn diel,
in laam waard ek noch slachte.

Doe kaam it oan op rinnen,
gjin probleem foar ’t frije folk
op ’t rjochte paad fan leech nei heech
mei nachts Gods fjoer en deis syn wolk,
sa moast it dochs wol kinne.

Mar goas kaam by weagen,
earst dy troch de Reade See,
it droege paad fan leech nei heech,
foar farao lei ’t paad net ree,
syn weach is ûnderreage.

Image

* Nicolas Poussin (1594-1665)
Skilderij ‘Trochtocht troch de Reade See’ 

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum