fan Gustave Doré* 
 
Wol harkje nei it nachtferhaal 
fan ien frou mids wol tolve man, 
sy stiet foar froulju, lei allinnich, 
de manlju namen it derfan, 
it wie in grut skandaal.
Har man, te gast yn Gibeä, 
joech dêr syn byfrou oan de nacht 
om sa himsels derút te rêden, 
sy waard troch Benjamins geslacht 
misbrûkt, sa gie it ta. 
  
En doe’t de nacht rûn nei de moarn, 
kroep sy werom nei ’t gastferbliuw, 
foel út ‘e tiid del op ‘e stoepe, 
hy joech by ljocht de doar in triuw 
en seach syn misstap oan. 
Hy bûn har op ‘e ezel fêst 
en gie werom nei ’t eigen gea, 
ferdielde ’t lyk yn tolve parten, 
sa ware troch it lân de dea, 
elk droech it as in lêst. 
  
* Gustave Doré (1833-1883) 
Yllustraasje ‘De frou fan de Levyt yn Gibeä’ 
Yllustraasje ‘De Levyt fiert de deade frou mei’ 
   |