Willem Tjerkstra’s thússide
admin

De put yn

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

Jeremia hie in min berjocht
fan oarloch, honger, dan noch pest,
dat wa’t gjin rêding by de fijân socht,
hie gjin ferwin, dus hie der west.

’t Wie de hearen fan de hege rie
mar min nei ’t sin, it wie de pest
dat Jeremia rôp om lânferrie,
se hawwe by de kening west.

Kening Sedekia hie syn nocht,
hy joech de hearen ’t frije rjocht.

Jeremia sakke yn de put,
hie gjin ferwin, ’t wie ta ferdjer,
mar ien man spriek de kening oan, dat wurd
wie fan in Etiopiër.

Sedekia hat him doe betocht,
hy joech de man it frije rjocht.

Ebedmêlek gie de djipte yn
om tou en lapen foar in strop,
it waard fan neare nacht wer sinneskyn,
se hisen Jeremia op.

Image

* Yllustraasje ‘Jeremia út ‘e put’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum