Willem Tjerkstra’s thússide
admin

De dea yn de pôt

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Giorgio Vasari*

De honger ware troch it lân,
ek om profetesoannen hinne,
sy hiene ’t mei it wurd wol hân
en woene leaver leakrêft winne.

Eliza hie gjin fleis of nôt,
mar naam it wurd om ta te rieden:
‘Set op it fjoer in grutte pôt
om mei wat griente sop te sieden.’

Ien fan de ploech gie nei it fjild,
fûn fruchten, hie dêrom syn slinger,
mar hat him oan de plant fertild,
snie elkenien sa yn de finger.

De grientesop preau nei de dea,
wie sûnder wûnder net te iten,
Eliza’s wurd klonk tsjin de skea,
moal kompensearre de ferwiten.

Image

* Giorgio Vasari (1511-1574)
Skilderij ‘De profeet Eliza en it sop’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum