Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Davids salving

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Franz Anton Maulbertsch*

Hy wie noch by de skiep yn ’t fjild
en hie neat yn de gaten
fan ’t mystearje tusken God en him,
hy waard net boppe ’t gea úttild
en hearde Samuël net praten.

Allinnich Samuël wist fan
’t begjin fan dat mystearje:
‘Isaï, lit my jo soannen sjen
oan ’t offermiel, wol neffens plan,
ik sjoch it is in hiele searje.

Sân soannen kamen doe foarby,
dy’t allegearre strielden
by de earste bêste eachopslach,
der wie lykwols gjin earste by,
dy’t achter each en ear ek fielde.

Hy wie noch by de skiep yn ’t fjild
en moast ynienen komme
nei ’t mystearje tusken God en him,
waard boppe syn sân broers úttild,
de oalje hat syn geast ferromme.

Image

* Franz Anton Maulbertsch (1724-1796)
Skilderij ‘De salving fan David’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum