fan anonym*
Bûten Joazef gie it om
wat yn ’t paleis sein waard:
de skinker joech dêr goede rie
oan farao: ‘It leit net yn myn aard,
mar ik wie ’t kwyt, wol stom,
ik ken in slaaf dy’t útlis yn him hie.’
Joazef kaam der skruten út,
de sel út nei ’t paleis;
mei lege holle, klopjend hert
nei ’t heechste fan Egypte ûnderweis,
gjin tiid foar in beslút,
’t gie bûten slaven om, sa wie de wet.
Farao die syn ferhaal
oer dreamen, kij en nôt,
en frege doe fan binnenút
om útlis, mar ’t wie Joazef syn behâld
te harkjen nei de taal
fan God, dy’t bûtenom it hert ûntslút.
Joazef spriek fan twa kear sân,
oer wolfeart, grut ferlet,
in takomst bûten ’t wollen om,
de farao hat him op hichte set,
as rêder fan it lân
mei steapels nôt fertsjinne Joazef rom.
* In byld fan it mozayk
yn de San Marko basilyk
te Fenetië
|