fan Francesco Hayez*
Withoefolle jierren út elkoar,
sa breed wie tusken broers de kleau
as ’t stellen fan de heiteseine;
Jakob rûn noch yn dat âlde spoar,
seach net hoe’t nije wegen leine.
Withoefolle fee gie him foarút,
fergoeding foar ’t slûchslim bedroch
om Ezaus berterjocht te stellen;
Jakob seach syn libben al as bút,
nea soed er al syn fee wer telle.
Froulju mei de bern deun achter him,
har stipe yn de rêch, ’t gesicht
nei foaren om syn broer te moetsjen,
wat er seach as djoere bruorreplicht…
stie Ezaus antlit op begroetsjen?
Folle net genôch fan Ezaus kant
mei earmen om syn twillingbroer,
in tút en dêrnei ryklik triennen;
’t âlde spoar gie yn it nije oer
en sa koe Jakob fierder rinne.
* Francesco Hayez (1791-1882)
Skilderij ‘Moeting fan Jakob en Ezau’
|