juni 1, 2019
fan ûnbekend
Al spriek ik mei in ingelstim
en song ik himelsk heech,
as ik de leafde net fernim,
dan wurdt it libben dreech.
Al wist ik alles fan de wrâld
en tsjûge as profeet,
as ik net fan myn neiste hâld,
dan reitsje ik yn need.
Al skonk ik earmen al myn jild
en joech myn lichem wei,
as ik de leafde net mear fiel,
dan stiet it libben faai.
De leafde hâldt de moed deryn
en leit de oergeunst ôf,
is foar de pronk en grutskens blyn,
hat each foar treast en trou.
De leafde kin de tsjinstân oan,
is mei it leauwe ien,
se set de hope yn foar moarn,
ferliest it fan gjinien.
Oan profetearjen komt in ein,
de talen reitsje stom,
want alles is dan alris sein,
mar leafde komt werom.
No is de kennis ûnfolslein,
wa wit wat barre sil?
De folheid is oan ús foarsein,
de wittenskip wurdt stil.
Doe’t ik noch boarte as in bern,
tocht ik net oan wat wurdt,
mar no kin ’k folle fierder sjen,
it bernlike is fuort.
Dochs sjoch ik alles noch net klear,
myn spegel is beslein,
mar ienris is gjin dize mear,
dan kenne wy folslein.
De hoop is yn ferfolling gien
dat leauwe hat berikt
dat leafde stiet op nûmer ien,
foar minsken sa beskikt.
Yllustraasje ‘Leauwe, hope en leafde’
oktober 9, 2024
oktober 5, 2024