juli 10, 2019
fan ûnbekend*
De wrâld ken beide: goed en kwea,
jim binne minsken fan de Geast
en troch syn wurking goed fan aard;
wa’t ûnderweis in misstap docht,
bring him sêftsinnich wer op paad.
De eigenwize stiet foar gek,
mist kennis fan syn eigen geast;
ferlykje dy net mei in oar,
hâld do it by dyn eigen ljocht,
dat draachsto sels, it ljochtet foar.
Wa’t sieddet fan ’t ferkearde aard,
sil rispje grif syn ûndergong;
de Geast jout sie dat fruchten skinkt,
wa’t dêrfan sieddet, sjocht no al
dat oan de ein it libben winkt.
* Foto ‘Klear foar in goede rispinge’
oktober 9, 2024
oktober 5, 2024