juli 24, 2019
fan Rembrandt*
Ik bin ien fan Kristus’ folk,
sit om syn saak in skoftke fêst,
moat moedich en geduldich wêze,
want oars kom ik net ta rêst,
grif bin ’k wer frij as jim dit lêze.
Oer de ienheid tink ik nei:
it lichem stiet as hecht gehiel
model foar Kristus’ folk, dus binne
leden dêrfan ûnderdiel,
ien lichem troch de Geast oan ’t rinnen.
Yn beweging is ús folk
troch hope op wat komme sil:
yn tsjinst fan Kristus oan it bouwen
fan it lichem, ien fan wil,
dus alle hannen út ’e mouwen.
Oan de ein is ’t lichem ien
gehiel, as Kristus dus folslein,
folwoeksen om te ûnderskieden
goed en kwea, dit wurdt jim sein
om ’t libben leafdefol te lieden.
* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘Paulus skriuwend yn de finzenis’
oktober 9, 2024
oktober 5, 2024