fan ûnbekend*
It wie bysûnder, op ‘e nij
kriich Daniël in fisioen:
yn ’t gea fan Elam by it wetter
stie in raam, net oan in regel bûn,
sloech hy de bistewrâld tepletter.
Doe fleach him oan in geitebok
dy’t út it fiere westen kaam
en mei syn hoarn begûn te stjitten,
dat ferwâde waard de rûge raam,
hy koe him mei de bok net mjitte.
De bok syn hoarnen stjitten ta
nei alle streken fan de wyn,
en nei de stjerren, sels dêrboppe,
sloech wat hillich wie de delte yn…
wa koe ’t grouwélich bist noch stopje?
It wie de fraach fan Daniël
wat raam en bok betsjutten
en sjedêr de ingel Gabriël:
‘Dy bisten binne wrâldske machten:
Meden, Perzen, Grikelân,
dy’t mei geweld regeare,
stribje sels noch hegerop;
de Alderheechste brekt de bân,
oan Him komt ta de eare.’
* Ut ‘Bijbelenzo’
Yllustraasje ‘Fisioen fan de raam en geitebok’ |