Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Betsjutting fan it byld

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Daniël

Nei de dream sels kaam de útlis,
dêr’t de kening mei in glimk nei harke,
want hy wie de gouden holle,
God hie him dat heechste foarrjocht jûn.

Dêrnei kaam in ryk fan sulver,
minder glânzjend as dat fan de kening,
dat fan koper glom noch folle
minder, hearske wol oer hiel de wrâld.

Nei it koper folge ’t ryk fan
izer, dat de hiele wrâld oan splinters
sloech… wa soe dan libje wolle?
Ek dat fjirde ryk rûn nei de ein.

Hurd sil ’t fiifde ryk ek wêze,
mar de klaai fan pottebakkers makket
izer swakker, de útholle
macht hâldt op it lêst grif ek net stân.

Nei fiif keninkriken komt it
keninkryk fan God, de stien dy’t alle
oare riken – izer, gouden
holle, koper, sulver, klaai – ferslacht.

Yllustraasje ‘It byld en de keninkriken’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum