Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Bern fan de takomst

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Salomon Garf*

Eliza krige ûnderdak
yn Sjûnem by foarname minsken
tusken grûn en himel yn;
hy frege foar dit gaadlik plak
nei wat der wie oan winsken.

Syn feint hie dêr in antwurd op,
Gechazi wiisde op ‘e leechte
yn it hûs, der wie gjin bern,
de stilte hearske, nea gerop,
de tiid rûn nei de lichte.

Eliza joech de takomst oan
de frou, mar sy woe it net leauwe;
nei in jier wie sy al mem,
de heit rûn letter mei de soan,
sjoch hoe’t sy nei har weauwen.

It like op ‘e lêste kear,
want op it fjild stiek him de sinne;
yn har earmen stoar it bern;
sy wie net mei dit stjerren klear
en liet de ezel rinne.

It rûn op de ferwachting út
dat stilte gie wer oer yn leven,
mar Gechazi hearde neat;
Eliza sei gjin inkeld wurd,
by him soe ’t lykwols heve.

It jonkje sloech de eagen op
en prúste sân kear yn de leechte
fan it hûs, doe wie ’t wer fol
fan rappe stappen en gerop,
de tiid rûn nei de hichte.

Image

* Salomon Garf (1879-1943)
Skilderij ‘Eliza bringt it jonkje ta libben’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum