mei 22, 2021
fan ûnbekend*
Jesaja
Jeruzalem, do liuw fan God,
litst jier nei jier foarbygean,
fierst it hiele jier troch feesten,
mar it sil dy near fergean.
Troch God wurdst yn it neare dreaun
en klagest oer de fijân,
dy’t dy ynslút, skânsen opsmyt,
delslacht troch syn wrede hân.
Dyn wurden komme út ’e grûn,
want ek dyn geast is delslein,
’t lûd is troch it stof bedimme,
mar ’t betsjut noch net de ein.
Ynienen is der frettend fjoer,
om’t God it foar dy opnimt,
grut geweld fan stoarm en tonger,
wat dy folle better stimt.
De fijân sjocht him yn de dream
oan tafel iten, drinken,
mar wat bliuwt, is toarst en honger…
‘Sjoch,’ seit God, ‘wat Ik dy gun.’
Yllustraasje ‘Wat God Jeruzalem gunt’
oktober 9, 2024
oktober 5, 2024