Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Pest oan rotten

Keunst

fan Rembrandt*

Hy hie de pest oan rotten,
makke dêrom al dy bisten dea
mei krûd dêr’t sy de pest oan hiene,
gif wie foar him syn deistich brea.

De deade rotten liet er
hingje oan de koer mei ien dêryn,
dat minsken op  ’e hichte wiene,
hy har wat oars ferkocht as wyn.

Sa rûn er by de doarren
lâns mei rottekoer, syn feint, fergif
yn fleskes en in mûlfol wurden,
nea kaam syn praatsje oer as wif.

De pest kaam ek nei foaren
en syn hekel oan in rottepleach,
dus moast de rôt ferdylge wurde,
hy brocht de klant it gif foar ’t each.

Dat each koe ’t net wurdearje,
skôge rôt en dea, wie dêrmei oan,
ien wurd kaam him doe út ’e mûle:
‘Opdonderje!’ Hy hie ’t bedoarn.

* Rembrandt (1606-1669)
Ets ‘De rottekrûdferkeaper’


admin

As in earn

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Jesaja

Jawis, as balling hast in swier bestean,
mar wêrom klagest oer dyn lot
as soe de Hear dêr neat fan witte?

Mar witst dan net dat God de Skepper is
fan hiel de wide wrâld, dyn lot
sil Hy net yn it tsjuster litte.

Nea wurdt Er wurch of rekket Er ynein,
oan God syn tiid komt nea in ein,
gjinien kin syn ferstân ea mjitte.

Jongfeinten binne wurch en stroffelje,
God jout har wjukken, as in earn
sa kinne sy har sweve litte.

* Foto ‘Earn’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum