november 1, 2024
fan Pavel Andrejevitsj Fedotov*
Op bleate fuotten, noch mar krekt fan bêd,
mei pinekop fanwege ’t drankfeest
by gelegenheid fan ’t brûnzen krúske,
dekoraasje foar syn feardichheid
om oaren foar te wêzen,
is de skyn in feit.
De keukenfaam yn kreaze klean sjocht oan
de gaos nei it nachtlik drankfeest
nei it himmeljen fan ’t smoarge húske;
ûnder oare is har feardichheid
om der foar him te wêzen,
wat net alles seit.
Har eachopslach seit folle mear as wurd
foar wurd de gaos te beneamen,
want sy sjocht fan ’t húske nei it krúske
alles wat der sa al tusken leit,
wat sicht jout op syn wêzen,
skyn is wat him leit.
* Pavel Andrejevitsj Fedotov (1815-1852)
Skilderij ‘Krekt ridder’
oktober 30, 2024
It hart mei bûnzjend hert
en triedden tusken hoarnen
yn Ketliks boskryk gea
sjocht net Hubertus yn de eagen,
mar de loop fan in gewear,
syn krús betsjut de dea.