oktober 21, 2021
fan Fernand Khnopff*
Sjedêr, myn alderleafste suster,
sân kear yn it griene gea,
ûneinich yn werhelling,
net allinnich mar fan juster,
dochs ek hjoed en moarn en ea.
Sy libbet fan de brulloft nei de
rou, want elkenien giet dea,
ûneinich yn werhelling,
grien fan de hope is de greide,
mar folmakke wurdt it nea.
Lit harren dan mar mei de racket
slaan, it spul fan hinne wer,
ûneinich yn werhelling,
sûnder dat it tempo heakket,
want foar my is sy in stjer.
Oan har ha ik wol sân memoarjes,
dy’t ferskine hjir en dêr,
mar hjir it each bekoarje.
* Fernand Khnopff (1858-1921)
Pasteltekening ‘Memoarjes’
oktober 20, 2021
fan ûnbekend*
Jesaja
Myn tsjinstfeint jou Ik opdracht
om oan myn folk ’t berjocht te jaan
fan heil dat komme sil;
myn feint ha Ik formearre,
boppedat dêrta ornearre
ferbûn te wêzen mei myn folk,
it ferrinnewearre erfskip
wer te meitsjen nei myn wil.
Hy moat it boadskip bringe
oan finzenen: ‘Kom no derút!’
En: ‘Kom mar foar it ljocht,’
oan wa’t yn ’t tsjuster sitte,
dat moat hy har witte litte;
sy sille toarst noch honger ha,
’t sinneljocht sil net mear pleagje,
sa doch Ik it godsfolk rjocht.
Nei rynske wetterwellen
wiis Ik myn folk in sljochte wei,
want bergen reitsje plat,
ophege wurde wegen
om te reizgjen nei de sege:
de ierde jubelet it út,
wylst de himel sjongt fan blydskip
en de bergen roppe mei.
* Foto ‘Jubeljende ierde’