november 5, 2021
fan ûnbekend*
Tarquinius as ymmigrant
hie grutte aspiraasjes,
dêryn waard er stipe troch syn frou:
‘Do wurdst fan frjemdling Romes foarst,
de tekens binne navenant.’
Tegearre gie ’t op Rome ta,
doe’t ûnderweis in earn syn
hoed meinaam en him dy ek wer brocht,
in teken dat er kening waard,
dy fûgel woe it sa ek ha.
Der woene mear graach op ’e troan,
de ymmigrant waard lykwols
kening, dy’t it folk brocht wat it woe:
in goede rie, dêrby de die,
dy beide spriek de minsken oan.
By ’t keningspear kaam ek in bern,
in slavesoan, sa waard der
sein, de styfheit woe him op ’e troan;
wa’t earder woene, spilen op,
dat spul waard troch de foarst ferlern.
Tarquinius as ymmigrant,
dy frjemdling rekke raar fan kant.
* Yllustraasje ‘Tarquinius en de earn’
november 4, 2021
fan Lev Efemovitsj Kerbel*
Gjin sprake fan reserve,
want himsels seach hy sa net,
hy liet syn hannen prate
mei de stiennen,
fan praatsjes gjin ferlet.
De hurde stiennen sprieken
him mear oan as ferve
oan de sloppe kwast, dy spatte
oeral hinne,
semint foldie him skoan.
Hy boude yn de hichte
as de lieders fan it lân,
mei him foel net te spotten,
’t soe bêst kinne:
sy harken nei syn hân.
Dus stie hy grif syn mantsje,
tagelyk foar ’t lân model…
wa hie it oer reserve?
Hy soe winne,
foar him kaam ’t dêrop del.
* Leve Efemovitsj Kerbel (1917-2003)
Skilderij ‘Arbeidreserves’