september 4, 2025
Ien blom kin wol fertelle
dat er mei de sinne draait
om folop strielen op te heinen,
strieljend jout er ’t ljocht werom,
dat is de sinneblom.
De Oekraynske fjilden
tilden op fan glânzjend giel
om oer de frede te fertellen…
wannear komt dy tiid werom
yn plak fan bom nei bom?
Ien bom kin wol berikke
dat er grinzen fier ferleit
om sa it Kremlin fûl te reitsjen…
nea komt dy tiran werom,
syn ein is sûnder rom.
Lit dan de sinneblommen
op de Oekraynske grûn
har draaie nei de sinnestrielen,
lûd jûchheit de giele blom:
‘De frede is werom.’
augustus 30, 2025
fan ûnbekend*
Hoe kin it noch net berne bern
beskerme wurde troch in wet
om lijen foar te kommen?
In bern dat noch neat sizze kin,
wurdt net op ’e ierde set.
Lit Hiroshima ’t antwurd jaan,
ek Nagasaki wit it wol
hoe’t twa fatale bommen
fan ynfloed binne op it bern
spyljend amper noch in rol.
In wet kin letter útkomst jaan,
biedt memmen de gelegenheid
te kiezen foar abortus,
sadat it bern net lije hoecht,
mar wat dizze dea har seit?
* Foto ‘Atoombom’