juli 31, 2022
fan Käthe Kollwitz*
Wat sjocht sy foar har as de mem
fan Peter, omkaam op it slachfjild,
noch mar santjin jier,
sa’n iere dea is net te leauwen,
mar dy is no ienkear stjerrend wier.
Net ien kear hat sa’n barren west,
it is al lang net mear te tellen,
noard, west, east en súd,
gjin wynstreek is dêroan ûntkommen,
jong ferstoarnen fleane net mear út.
Hy bliuwt noch trije dagen thús
om swijend oan mem te fertellen
dat er fan har hâldt,
sy hâldt him fêst, har eigen waarmte
bringt sy oer op him, want hy is kâld.
Syn kjeld fielt sy har libben lang,
kringt by har troch yn hiel de lea en
hout sy út yn stien,
it is dan makliker te leauwen
dat hy wie doe folle mear as ien.
* Käthe Kollwitz (1867-1945)
Tekening ‘Selsportret’
Tekening ‘Mem en dea bern’
juli 30, 2022
Se wiene op ’e nij besmet
nei twa jier karantêne
me ’t firus fan de skûtsjewrâld;
se hiene fan de striid ferlet,
’t wie dien mei de koronasêne.
Wat minder ôfstân by de start,
wat mear kâns dat besmetting
tanimt, wat ferheget noch de striid
mei ’t risiko fan wa’t hjir fart,
dy rekket grif in ankerketting.
Doarp Grou hie noch it measte lêst
fan ’t firus fan wer farre
oan en foar de wyn op ’t eigen plak,
mar dizze kwaal foldie him bêst,
hy koe op ûnderfining tarre.
* Foto ‘Start’
** Foto ‘Doarp Grou op kop’