Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Oergongen

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan anonym*

Image

De arkebaas stie by de doar,
hy moast it bistehear oersjen
en ôfskie nimme op ’t gehoar,
se wiene wurden as syn bern.

De wolven gûlden om it lûdst,
de liuw moast noch in setsje ha
en winske Noach alle goeds,
doe fleach er op ‘e reeën ta.

De do dy’t oer it wetter flein
wie, fielde oan syn twadde taak:
yn flammen opgean nei de ein,
syn libben foar de heechste saak.

Syn wite fearren fleagen op
de hjitte fan it alterfjoer
al heger oant de himeltop,
feroaren yn de bôgetoer.

Image

* In rige mozaiken
yn de San Marko basilyk
te Fenetië

admin

Gjin oare kar

Bibelbylden

 

PDF Print E-mail
fan anonym*

Image

Syn namme hied er roppen heard
en doe de opdracht foar de bou,
hy wie ferheard oer doarp en stêd,
it minskdom rekke sa yn ’t nau.

Wat moast er oars as bouwe mar,
in grutte arke, mar te nau
foar ’t hiele minskdom, dat de kar
foel op himsels, de bern en frou.

It spriek fansels, de dieren ek,
fan sterke liuw oant grutske pau,
it bist mei in te grutte bek
kaam mei syn nekke oan in tou.

De doar foel ticht, in lûde klap,
it teken fan orkaan en rein,
it minskdom die in lêste stap
de hichte yn, it waard syn ein.

It dreau foarby, de loft waard skjin,
in raven fleach oer ’t stjonkend wiet
en hie it bûten bêst nei ’t sin,
omdat er fan kadavers friet.

In do moast doe it hear oersjen
en kaam werom mei ’t earste grien,
it sein foar Noach, frou en bern,
se binne út ‘e arke gien.

* In rige mozaiken
yn de San Marko basilyk
te Fenetië

 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum