Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Stikkene wurden

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Rembrandt*

It wie de Iene dy’t it seach:
it bollekeal, de dûns yn rigen,
wat yn wurden getten waard:
‘Gean de delling yn en sjoch de pleach,
Ik brân deryn, it sil der net om lige.’

Mar Mozes socht Gods sêfte kant
om ’t hillich fjoer mei ’t wurd te dwêsten:
‘Deadzje leit net in jo aard,
bern fan foarfaars meie libje, want
hoe sille hannen fan de skepping rêste?’

It wie doe Mozes dy’t it seach:
it bollekeal, de dûns yn rigen,
wat yn grime getten waard,
Mozes hie foar plaat en wurd gjin each,
it folk hat earst de wet yn stikken krigen.

Image

* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘Mozes en de stiennen tafels’  

admin

Om it bollekeal

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Cosimo Rosselli*

De berch wie heech, it duorre lang,
te lang foar ’t ûngeduldich folk,
fergetten wie de tongerwolk,
gjin minske fielde him noch bang.

It rûn op demonstrearjen út:
‘Jou ús in god om oan te sjen,
mei Mozes is ús hoop ferlern!’
Aäron wifke foar ’t beslút.

De broer seach oars net as de glâns
fan slaveringen fan de frou,
dy moasten fan de earen ôf,
dan kriich it folk in nije kâns.

Hy beitele in âld ûntwerp
en geat it goud yn keallefoarm,
yn striid mei wat bestie as noarm,
Aäron seach it net mear skerp.

’t Waard moarn, it gie der frjemd omwei,
it hiele folk die soks net heal,
it dûnse om it bollekeal
en stoeide fûl, wat alles sei.

Image
detail

* Cosimo Rosselli (1439-1507)
Skilderij ‘It oanbidden fan it gouden keal’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum