Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Snits oan de Wolga

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Isaak Levitan, de skilder oan de Wolga,
hat it op it linnen brocht
it boskje bjirken, ljochte stammen,
guon rêgen bûgd, de oare rjocht
nei de himel rizend, dragend
rûne koppen, kleurich hier:
de beammen as ikoan, de hege namme
dragend fan wat Ruslân is, syn siel:
fiere steppen, djippe wetters, by flagen
heech oprinnend yn de kleuren fan de trojka.

Image

It Spoardok, skilderachtich op it linnen
fan it rizen yn de moarntiid brocht,
de stammen by de wetterspegel,
dy’t donker útslaan fan it ljocht
dat ynstreamt oer it wiete hinne,
omheech de kroan fan tinten grien:
de beammen as symboal, de segel
fan de Snitser siel, wiid as syn mar:
natuerlik libben tusken stien
en ’t kariljon, dat lit syn kleuren rinne.

admin

Greve Adolf

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Lijf en goed altezamen
heb ik u niet verschoond;
mijn broeders, hoog van namen,
hebben ’t u ook vertoond:
Graaf Adolf is gebleven
in Friesland in de slag;
zijn ziel in ’t eeuwig leven
verwacht de jongste dag.

Image

It is no al twa kearen
dat mei beskaat geweld
de greven it ferlearen,
gjin libben dat mear telt;
de greve lang ferline
kaam om yn Heilgerlee,
der soe wat nijs ferskine:
ús lantsje oan de see.

De twadde wie in strjitte,
in Adolf tichterby,
yn Snits om krekt te witten,
al lang net mear sa nij;
mei bûkjende masine
besljochten se it pleit,
want alles moast ferdwine,
de dea waard sa in feit.

Image

Wêr’t liif en guod tegearre
ferkearden yn it hûs,
dêr moasten muorren stjerre,
oantinkens by de rûs;
de namme sil wol bliuwe,
de strjitte dy’t der leit,
kin elkenien wer skriuwe
as greve dy’t neat seit.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum