Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Topketûne

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1971

Image

As Langwarder molewjukken swaaie
en de flaggen steane strak,
dan wit men, it sil twirjend waaie,
skuorre se de seilen flak.

As de Snitser skipper, slim ferwûne,
is syn fingertopke kwyt,
besylt gjinien de fierste tûne,
lykas Jan* troch twirren byt.

As it wite skip fan slimme Siete
sylt mei himelhege mêst,
fersiket er mei ierdske fiten
goaden foar syn eigen bêst.

As it Snitser topke komt nei boppen,
lykas ’t tûntsje foar de geast,
kin Siete noch sa biddend roppe,
Jan wurdt op ‘e Wiellen earst.

* Jan van Akker

Image

admin

Lije krite

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1971

Image

Earnewâld, do doarp fan puollen
tusken beammen fol yn blêd,
guon skippers sjogge dy foar fol oan,
mar de measten binne dy wol sêd.

Image

Nim no Jan*, de Snitser stjoerman,
wend oan ’t wide fan de mar,
falt yn de lijte, wurdt der poer fan,
sylt as fjirtjinde troch ’t lege far.

Image

Sjoch nei Albert** fan it Liuwke,
út itselde skaai as Jan,
is wend oan twirkes foar in driuwke:
alfde, amper flugger as de Pan.

Image

Dêr glydt Ulbe***, glêd as sjippe,
mannich kear al kampioen,
kin oan dy hichte lang net tippe,
finisht stoef as fiifde foar ’t fatsoen.

Image

Dan it wite skip fan Siete
Meeter, ’t siket hegerop
de twirren yn de lije krite,
sylt sa fan ’t begjin ôf fier op kop.

* Jan van Akker
** Albert van Akker
*** Ulbe Zwaga

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum