Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Karel de Grutte

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Ary Scheffer*
fan Albrecht Dürer**

Image

Heech sit er op ‘e skimmel,
Karel, grut fan stal en ek yn macht,
hoe’t hy de Saksen ’t plak oanwiist,
slacht hiel syn leger acht.

De fijân leit op knibbels,
foaroan de fersleine Witikind,
noch yn syn nederlaach fertiisd,
wa’t heger sit, dy wint.

Noch heger riisde Karels
macht doe’t hy it Moareryk befocht,
dêr’t Allah ’t foar it sizzen hie
en ’t hegerop besocht.

Paus Leo skonk it heechste
mei’t er joech de gouden keizerskroan
oan Karel, man fan rie en die,
úteinlik goadesoan.

Dêr stiet er, grutte hearsker,
keizer Karel fan in ryk
dat grutsk al nei Europa wiist,
mar net alhiel gelyk.

Image

* Ary Scheffer (1795-1858)
Skilderij ‘Karel nimt de trou fan
Witikind yn Paderborm oan’

** Albrecht Dürer (1471-1528)
Skilderij ‘Portret fan Karel de Grutte’

admin

Tenochtitlán

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Diego de Rivera*

Image
detail
Ut ‘De conquistadores’ fan Michael Wood

Tenochtitlán, stêd fan juster,
grutter as hjoed Ljouwert is,
bewenne troch Azteken,
dy’t libben tusken wif en wis,
de Spanjaard brocht foargoed it tsjuster.

Tenochtitlán, piramide
fan de sinne, heech en djip,
in wûnder foar de leken
sa tusken eufory en dip,
de Spanjaard brocht har oare tiden.

Tenochtitlán, bûnt fan minsken,
stribjend nei it heechste lok,
de sinnewei as teken,
in libben tusken god en gok,
de Spanjaard hie syn eigen winsken.

Image

* Diego de Rivera (1886-1957)
wie in Meksikaanske skilder,
dy’t de muorreskildering
yn it Nasjonale Paleis
yn Meksiko-stêd makke.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum