Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Op bargejacht

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan de bruorren Limburg*

As de sinne nei it heechste klom
en waarmte struide oer it gea,
dan sochten eallju nei mear rom
en wrotten boeren yn it hea.

Kaam de sinne amper boppe ’t gea,
dan kroep de kjeld yn klint en boarch,
ferstiven fan de boer de lea,
de ealman waard fan neat dwaan warch.

Bargen hiene fan de kjeld gjin lêst,
se wrotten troch en wiene fet,
in frij bestean foldie har bêst,
mar seagen se de muorren net?

Hûnen jagen fan de muorrekant
nei ’t iepen fjild mei hear en boer,
in rûnte waard foar bargen spand,
har frije libben wie doe oer.

Image

* Paul, Herman en Johan van Limburg ( 14e/15e ieu)
makken it boek ‘Très Riches Heures’
mei de moannen fan it jier.
Skilderij ‘Desimber, wylde-swinejacht’

admin

Midsieuske harmony

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Ambrogio Lorenzetti*

Image

De stedsbou hat al ieuwen duorre,
it wie in stribjen hegerop,
sadat der útgie rom en rop,
beskerming joech de mânske muorre.

De dieren stean en rinne mak,
troch masters hân dressearre,
gjin fûgel mist de fearren,
elk fielt him yn de stêd teplak.

De boargers binne dik tefreden
yn ’t libben fan de tredde stân,
se sjonge, dûnsje hân yn hân
foar harren hear yn striid en frede.

De hear rydt rêstich út ‘e stêd,
hy hat dit sels besletten
nei alle boargerwetten:
wannear’t it tsjuster wurdt op bêd.

En wa’t it stedspatroan net folget,
komt earst yn ’t neare hûnegat,
mar hegerop wurdt noch syn lot
wannear’t er hinget oan de galge.

* Ambrogio Lorenzetti (1285-1348)
Fresko ‘Allegory fan goed stedsbestjoer’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum