Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Op it achterdek

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1978

Image

De eagen op it achterdek
besjogge ’t hiele fjild
en litte ’t út ‘e mûlen rinne:
‘Sjochris hoe’t it troch de waring spielt
by Rienk*… te ier… ferrek!’

Image

Dy Zwaga starte op ‘e nij,
grimmitich liet er sjen,
de SWH wol hjoed wol rinne:
‘Sjochris hoe’t er knypt, hy komt derby,
te ier, mar net ferlern!’

Image

De oare Zwaga**, Rienk syn broer,
yn ’t striden like fûl,
woe ha heit Ulbe om him hinne:
‘Sjochris, sit dy âlde dêr oan ’t roer?
Dy hâldt de kop wol koel!’

Image

Sa net op de Immanuël,
want Hidzer*** hat de hân
op ’t helmhout sa te sjen allinne:
‘Sjoch, de Leave Hear is mei dat stel,
plak acht as bêste stân!’

Image

Mei rjochte rêch wer op it roer
sit Sietse**** skerp te sjen
nei dagen dat er amper rinne
koe: ‘Ik waard fersoarge as in bern,
mar sjoch hoe’t ik wer stjoer!’

* Rienk Zwaga
** Lammert Zwaga
*** Hidzer Meeter
**** Sietse Hobma

admin

Tiger op sleeptou

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1978

Twa kear wied er earste wurden,
Tjitte*, tiger fan It Hearrenfean,
dy’t slûpte, fleach en sprong
en sa de prizen fong,
mar hoe soe ’t him fergean
as ’t gie om Sietes** wurden?

Image

Earnewâld mei mannich naute,
noch beheinder troch it rûne read,
dreau Tjitte yn de fal
fan ’t wetter is hjir fol
fan Siete, ’t waard dus neat,
sels tigers meitsje fouten.

Siete sylde ek mei wurden
fan: ‘Sis Tjitte, kinst der no net lâns!’
De tiger hie der west,
want Siete rôp: ‘Protest!’
Foarby de tredde kâns…
’t is fjirtjin punten wurden.

Image

* Tjitte Brouwer
** Siete Meeter

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum