Net fanwege kleuren dy’t primêr 
de bûtenkant fersiere 
of de listoanfierder dy’t as stjer 
de wierheid iepenbieret. 
Net fanwege ’t Fryske bloed, tsjoch op, 
wol no ris brûz’ en siede 
of it frije Fryslân oan de top, 
it bêste lân op ierde. 
Mar wol om marren yn it gea, 
dêr’t de dyk it lân omklammet, 
plak op ierde foar de lea, 
dêr’t de minske him net skammet 
foar it leaf, leaf âldershûs, 
memmetaal en foarfaars wrotten 
boppe it globaal gerûs 
fan de jild- en oarlochsrotten. 
Tsjin Babels tuorren dy’t primêr 
de machten stekke yn de hichte; 
tsjin Mammons alter omdat dêr 
de managers it anker lichte 
fan sulverfloaten dy’t globaal 
de see en oseaan befarre; 
tsjin Amalek syn oarlochstaal, 
gjin frou of berntsje wurdt noch sparre. 
Net fanwege Fryslâns grinzen as 
dy minsken keare soene, 
want yn ús provinsje past gjin pas, 
nei’t euro kaam foar gûne. 
Wol de fêste grûn om op te stean, 
de basis om te kiezen 
foar in iepen wrâld, in sljocht bestean, 
dêr’t plak is foar ek Friezen. 
 
  |