Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Skûtsjegokke

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1978

Image

In koeltsje striek sêft oer de Ie
en breedút heinden se it op,
in brede float dy’t gong noch hie,
dochs wurke ’t read net lang as lape
foar de skûtsjekop.

Image

De wyn dy’t jout de enerzjy
om skean oer mar en Ie te gean,
foel fuort en sa de harmony
fan skip en skippersfolk yn aksje:
sjoch de J steil stean.

Image

Mar ’t skûtsje fan It Hearrenfean
glied oer de Ie foar it gelok
mei Tjitte* dochs as fûle earn:
‘Se kinne sizze wat se wolle,
‘k die de goede gok.’

Image

De spanning op it achterdek
fan ’t Drachtster skip friet enerzjy
en makke ’t folk op ’t rantsje gek:
in lûd jûchhei klonk foar de twadde
as in melody.

* Tjitte Brouwer

admin

Fan Jan nei Immanuel

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1978

Image

It boldere oer ’t Frysk wetter
sa’t in tongerklap fier draacht:
ien fan de rapste fan de float
wie yn guon eagen dochs te traach,
in grutte bak wie folle better.

It skip wie âld, mar net de namme
fan de soan: de Jonge Jan,
ien fan de lytste fan de float,
dy beide koene der wat fan,
har rom lykwols waard rûch beskamme.

Image

It skoander skûtsje waard ûntsiele,
liere, mêst en gyk derôf,
sjedêr in deagewoane boat;
’t âldwiif wie earst in kreaze frou
om lok en leafde mei te dielen.

De stielen bak soe prizen winne,
dêr kaam de wikseling op del
fan Jonge Jan nei God is hjir
yn Earnewâld, Immanuel,
dêr dweilt de nije oanwinst hinne.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum