Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

De flitsende Lemmer

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1981

It gie wer oan by ’t âlde Grou,
de spanning fan de earste kear
foar ’t folk, manmachtich mei de frou
en bern, de Tynje lei al klear.

Image

It waarbyld joech in grut ferskaat
fan dikke pûsters en gjin wyn,
de wjerljocht fûn nei Grou syn paad,
de tonger batste der fûl yn.

De skippers batsten like fûl,
want yn de Tynje wie gjin plak
foar fjirtjin mei itselde doel:
as earste út it lêste rak.

De Lemmer rekke yn de wâl,
twa oaren tuten, stiel op stiel,
’t manmachtich folk gie ’t nea te mâl,
fan waar en striid kriich elk syn diel.

Image

Doe pakte Sietse* tûk de kop,
wylst Jan** noch meters boppe lei,
De Lemmer kniep tsien graden op
en flitste op dy earste dei.

* Sietse Hobma
** Jan van Akker

admin

Mêstbrek

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1981

Al trije kear gjin kampioen,
’t wie skipper Tjitte net nei ’t sin,
want lei it oan himsels of kaam it
om’t it skûtsje minder rûn,
hy sliepte troch dy twivel min.

De dream joech ’t skip in nije mêst,
wêr wei, dat wie de hege fraach,
gjin Frysk produkt, mar ‘made in Holland’,
want fierôf foldie it bêst,
se limen fleurich laach op laach.

De lange fracht kaam feilich oan
en wipte op it skip omheech
om op ‘e mar syn krêft te testen,
dêr’t er song op falske toan:
in knap, doe moast er wer omleech.

’t Ferstân fertelde hoe’t it lei
oan ‘made in Holland’ laach op laach
mei wol de lym, mar gjin ferhurder;
hurde Friezen litte mei
gjin lym har plakke yn de kraach.

Image

* Tjitte Brouwer fan It Hearrenfean

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum