Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Omslach

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Mist dy’t út ‘e nacht wei
spoeket troch de iere moarn
en stribbet swevend macht nei
op in dizich dompe toan
de wacht seit oan de plommen
dy’t sa stram en kleurleas stean,
in hâlding as fan dommen
yn har unifoarme klean.

Geast dy’t yn de macht is
fan de mist, gjin wacht oansein,
mar dizich doarmjend, achtleas,
sûnder in begjin of ein
oant plommen harren roere
op ‘e siken fan de wyn,
de iere dowen koere
op ‘e wiffe sinneskyn.

Image

admin

Peaske

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Ik fûn him by it hôf
dêr’t Jezus hong al jierren
oan it krús, sa dea as stien.
Syn eagen wiene dof,
in tizeboel de fearren,
elk wie om him hinne gien.

Image

Goed freed rûn nei de snein
en ik seach it lemieren
opgean oer it hoopjend grien.
Gjin wurd waard doe noch sein,
de stilte kaam fan fierren
op my ta, sa wyt as ien.

Image

Mar ’t wiene twa dy’t oan
de wrâld it boadskip brochten
oer in libben op ‘e grins
fan winter nei in moarn
dy’t gûnzjend klonk fan fljochten
ingels tusken God en mins.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum