Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Ballade fan de Rottumer stien

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Wat is in jier yn stienne-eagen
en wat in ieu yn hurd granyt?
Ik lis hjir noch mar, ’t is gjin leagen
salang’t it ynfoboerd der stiet.

Image

Myn berte leit yn skier ferline,
ik ried miljarden jierren lyn,
want wa kin noch de oarsprong fine
wannear ’t natuergeweld telt blyn?

Ik lei honkfêst yn ’t hege noarden,
it ynfoboerd skriuwt Uppsala.
Wat sil men sizze fan dy oarde,
wannear it lot bepaalt: ‘No sa!’

Image

Wat is yn ’t riedsel fan miljarden
twahûnderttûzen jierren lyn,
doe’t fûle froast it iis opgarre,
in needlot tusken rotsen yn.

It briek my los fan ’t honk, de basis
fan stiennen tiid, en hupsasa,
dêr glied ik mei it iis, as casus:
in swalkersstien nei ’t suden ta.

Ik reizge yn de saaie iistiid
fan Uppsala nei withoefier,
beferzen wie doe alle wiisheid,
wat wie in leagen en wat wier?

Image

De wierheid kaam mei waarmte boppe,
ik taaide út ‘e grip fan ’t iis
en fielde my as yn in gloppe
fan sedimenten, flak en griis.

De weagen spielden oer my hinne,
beklaaiden my mei stive klaai,
myn kop bleau inkeld yn de sinne,
it libben waard no wier wol saai.

Mar einlings kaam ferdivedaasje,
hoewol’t it wreed en pynlik wie:
in skipper hat mei fjoer en faasje
my opblaasd, goed foar jild en rie.

Image

De rie wie om de see te kearen
mei stikken út myn skeinde lea;
de wyn en weagen koene beare,
mar ik lei yn it lân foar dea.

In jubileum hat my rêden,
se woene my in status jaan,
ik kaam doe boppe Rottums seadden
en rekke yn in bêste baan.

Ik hoech allinnich mar te lizzen
en show myn grutte en gewicht,
it ynfoboerd lit ik it sizze,
wy dogge beide sa ús plicht.

Image

admin

Fûke

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De fûkstôk stie de winter oer,
it koe,
gjin skowend iis snie troch it hout,
de flagge koe wol oer in stoarm.

De fûke wist it op ‘en doer
net mear
en tocht, dit draaien rint ris fout
en dêrom sloech er lyts alarm.

Want hieltyd lytser waard it net,
’t koe net,
’t wie foar syn taak net mear fertroud
en doe’t de spin kaam, wie ’t te let.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum