Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Werom nei âld

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1989

Image

It hie ferskate reizen makke,
earst as fearskip oer it Fryske wiet
fan doarp nei stêd en dan werom,
mar doe’t foargoed de seilen sakken,
wie it oer, sa’t soks mei ’t âlde giet.

Mar skippers hâlde ’t skip foar eagen,
ek as dat de Dútske grins oer fart,
gjin mêst en swurden, leech it rom,
ûnwennich fan de Fryske weagen,
mar ’t wie oer, sa’t soks mei ’t âlde bart.

Yn Keulen waard it brûkt as oerstap
nei in restaurant op ’t streamend wiet,
in stielen fuortfei sûnder rom,
foar boer en hoer in Fryske oergrap,
want ’t wie oer, sa’t soks mei ’t âlde giet.

Foar skûtsjeskippers is ’t in leagen
as sa’n pronkje net yn Fryslân fart,
dat Anne* helle ’t skip werom,
syn eagen seagen ’t op ‘e weagen
brûzjen, lykas soks mei ’t âlde bart.

Image

* Anne Tjerkstra

admin

Bêste flecht

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1989

Wat is de ierde yn ’t hielal?
In baltsje draaiend om de sinne
as in spultsje foar de lol,
dy rûnte is net om te winnen.

Image

Wat binne skûtsjes út ‘e loft
besjoen? Net oars as efkes boartsje.
Soms in rige, dan in kloft
en nei de finish noch in potsje.

Mar komt men del op Frysk gebiet,
dan stekke heech de skûtsjemêsten,
brûzjend klinkt it skippersliet:
‘It fljocht op ierde as de bêste.’

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum