Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Waan

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Tusken hjerst en winter saait
it libben ôfwaaid nei de dea
en bliuwt fertize hingjen
yn it stek, de stielen lea
wurdt sa mei ôffal klaaid.

Image

Tusken gatten yn de klean
sjocht men it winterwetter klear
dêr’t miuwewyt bedûkt no
noch de griene grûn nei mear
troch iepen winter bean.

Image

Tusken ôffalblêd en baan
dêr’t wyn de swarte twirren leit,
bliuwt lang it swurk noch hingjen
dat swiersettich ’t libben klaait,
want iis is mar in waan.

admin

Har kar

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Se fierden feestlik in kampanje
foar de frou fan harren kar
dy’t sels foar ’t twadde libben stimde;
mei faasje en mei franje
joegen man en bern in stim oan har.

Image

Meie wite leeljes tsjûgje
fan in mem fan fjouwer bern
dy’t sels net stimme koene,
inkeld harren holle bûgje
om yn ’t moarmer mem te sjen.

Image

Se fiere no har eigen libben,
blanke leeljes yn de knop,
gjin oare kar as sels te bloeien;
yn mem har geast de ribben
fan de stien mei ’t klaverblêd derop.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum