oktober 13, 2016
It barde yn Reahûs, It hold wol fjirtjin kear de wjukken yn, It saaide del op ’t famkes tichte each It wjukke by acht kleurefinsters lâns It heinde hege wurden fan it koar Doe fleach it dêrmei hiel de ierde rûn Foto glês-yn-lead finster fan Karel Andringa, Reahûs |
oktober 12, 2016
fan William Turner* Sa klinkt de godsspraak fan de Heare: Ik helle folken út ‘e frjemdte wei, jimsels út slavelân Egypte, de Arameeër kaam út Kir, de Filistyn út Kaftor, elk fierde syn befrijingsdei, dêr waard Ik lykwols net foar eare… dus doch Ik jimme fan de ierde wei, mar nee, dat bart net hielendal, ’t folk giet troch oare naasjes hinne, wat útrint op de ûnheilsdei, jim kinne ’t lot net keare. Oars klinkt de godsspraak fan de Heare: * William Turner (1775-1851) |