Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Asosjale letters

Lyrysk Deiboek


It piipkrûd sjongt op wite wize
de minsken oer de maitiid ta,
dy’t stadich oer de brêge kaam,
de winter hold de bloei noch tsjin.

Mar as de planten ienkear rize,
dan sprekke dy de minsken oan
mei taal dy’t elkenien ferstiet,
it libben hat totale sin.

Healwizen brûke swarte letters
op ljochte muorren, wolle ha
dat elkenien wit fan de taal
dy’t oars net ynhâldt as ‘ik bin’.

Sy witte yn ’t bestean neat betters,
it is in asosjaal fertoan
fan ‘hjir bin ik, wa docht my wat,
sjoch wat ik sa al skriuwe kin’.

It piipkrûd pipet op syn wize
de swart-wyt asosjalen ta:
‘Bedjer it maitiidsbloeien net,
de winter hold jim skrift net  tsjin.’





admin

Werner von Braun

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan ûnbekend*

De jonge Werner hold fan fjoerwurk,
hat dat yn syn miny-auto set
om dêr op strjitte mei te boartsjen,
flammen skeaten út ’e wein,
dat wie ’t begjin fan syn raket.

Folwoeksen Werner liet him liede
troch ambysje, hat him net ferset
tsjin Hitler, mar mocht foar him wurkje,
wat it doel wie, waard him sein:
ûntwerp rap in V-2 raket.

Fersleine Werner mei syn kennis
fan raketten hat him fierder ret
troch foar Amearika te wurkjen;
wat er die, rûn as in trein:
foar ’t universum in raket.

De âlde Werner liet him liede
troch it leauwe yn Gods majesteit:
’t hielal sprekt fan syn grutte wurken,
dêrmei wie it heechste sein…
mar ek wat yn ’t ferline leit?

* Foto ‘Werner von Braun tusken de Nazi’s’
** Foto ‘Werner von Braun tusken de Amerikanen’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum