Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Sinnige tugen

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1995

It starten woe op Starum net,
earst útstel, doe tefolle skotten
en op ’t lêst in misse bol,
dochs wie gjin inkeld skip te let,
mar ’t waaide net, it seil stie hol.

De Jouwer dreau as earste om
de boei, mei ’t skip foel net te spotten,
it mânske túch stie fol en hol,
Wâldsein besylde ’t fierste rom,
dus skepte ien de puts mar fol.

Image

Is ’t seil te hol, goai ’t der mar yn,
mei wetter sylt it oan de wyn.

In bui liet doe ek wetter los,
dat elkenien kriich wiete fuotten
en ’t Jouster túch loek aaklik strak;
it kaam foar ’t folk ek min fan pas,
twa túgden op foar ’t lêste rak.

Image

admin

Foarút en achterom

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1995

Terherne, doarpke op in droege pôle
tusken puollen en de Snitser mar,
de skippers nimme dy foar kar,
do hast de romte tusken fiere wâlen.

It nauwe wetter fan wol trije plakken,
Grou, De Feanhoop en ek Earnewâld,
beheint de skippers, nei dy wrâld
sjocht elkenien foarút nei lange rakken.

Image

It skot, de start leit iepen by Sânwâlden,
klinkt foar fjirtjin as begjinsalút,
de skippers sjogge no foarút
en sille ’t each op alle twirren hâlde.

De romte fan Terherne wiist de plakken
yn de striid, de earste krijt de bút,
sjocht achterom by ’t einsalút,
de Snitsers ha se allegear te pakken.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum