Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Weromsjen nei Jeruzalem

Bibelbylden

fan Rembrandt*
Jeremia

Ik, Jeremia, as profeet
sjoch ik werom op wat der bard is,
dat Gods folk fan syn ferline wit,
nêst freugde hearsket heech it leed.

Kening Sedekia hearske
net sa’t hearde, dat Jeruzalem
en Juda kamen yn ellinde
troch de macht fan Babelsk foarst:
honger hearske rûnom yn de stêd,
sadat de mem ferlear har bern;
de kening flechte mei syn soannen,
wat Babelsk foarst net sinde:
foar de eagen fan de heit
waard soan nei soan de dea ynjage,
Sedekia waard nei Babel fierd
as bline balling, boeid de hannen;
wa’t noch eagen hie, koe sjen
wat barde mei Jeruzalem:
de muorren kamen rûnom del,
paleis en timpel brânden ôf,
goud en sulver waarden meifierd;
it like as yn ’t lêste fan de dagen:
hearskers wiene eangst, panyk en dea,
wa’t oerbleau, wie djip yn de rou.

* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘Jeremia treurjend om Jeruzalem’

admin

Sulveren fal

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

Men kin der achter lâns
en sjocht it sulver blinken
dat fan boppen komt
en nei de djipte raast…
wa bliuwt dan yn balâns?

It fielt as men dan krimpt,
gjin sprake mear fan tinken,
’t razen makket stil
en wei falt elke haast…
men is hjirfoar bestimd.

In diel fan de natoer
wurdt elk by it ferdrinken
fan de eigen wil,
it sulver docht in taast…
wa jout him dan net oer?

* Foto ‘North Falls in Sulver Falls
State Park, Oregon’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum