Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Fleanend rinne op Bali

Wrâldbylden

fan ûnbekend*

Lit yn de nacht it each gean
oer de makrokosmos
en men sjocht it stjerreljocht,
dat trochkringt yn it inerlik,
sadat men wjukken krijt
en nei de stjerren fljocht.

Lit my nei Bali fleane,
lânje tusken heuvels
yn it kleare sinneljocht,
dat trochkringt yn it inerlik,
sadat ik fuotten krij
dy’t nimme bocht nei bocht.

Lit dan by dei myn each gean
oer de mikrokosmos
en ik sjoch de fjilden oer,
al rinnend kom ik op ’e wjuk
en flean oer ’t bochtich paad,
al skôgjend de natoer.

Foto ‘Campuhan Ridge Walk op Bali’






admin

Ien mei de Wolga

Keunst

fan Aleksey Savrasov*

De moarntiid skampt oer de rivier,
dy’t foar ’t gefoel ek wekker wurdt,
mar him neat oanlûkt fan it tsjuster,
dat de stream net keare kin,
de Wolga wurket dei en nacht,
hjoed likegoed as juster.

De fisker is ek altyd ier
derôf en bûten foar syn wurk
om op te heljen njoggen netten,
trije kear de Wolga op,
sa nimt er ’t lokkich lot yn acht,
hy skriuwt syn eigen wetten.

De riemen skriuwe sin nei sin
op ’t wetter fan syn brea-rivier,
de netten drippe tritich stippen;
foar de fisker smyt it op
de ienheid mei de brede stream…
gjinien kin dêroan tippe.

* Aleksey Savrasov (1830-1897)
Skilderij ‘Ier yn de moarn. Wolga’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum