Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Krisiswolken

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It wie gjin simmer mear
en ‘k lei net yn de waarme heide,
’t waar wie kâld dy dei, mar klear
de loft mei wolken boppe greiden.

Mem wie der net, gjin fraach:
‘Wat sjochsto yn de wolken, jonge?’
‘k Lei de holle yn de kraach
en seach hoe traach de foarmen gongen.

It wie gjin do dy’t fleach
om frede oan de wrâld te bringen,
earder hoe’t de spin yn ’t reach
siet, klear om op syn proai te springen.

Ynienen wie ’t sa klear
as sinneskyn, de eurokrisis:
Grikelân foarop, dan lears
Italië, yn ’t reach ferliezers.

admin

Kâns op spul

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It paad wie smel, rûn by de reiden lâns,
ik stie derfoar, wie asfalt wend,
de wei dy’t breed is en bekend,
mar út ‘e fierte kaam: ‘Dit is dyn kâns!’

Dus wie de kar it smelle paad by ’t reid
lâns, dêr’t in lytse dobbe lei;
ik stie derfoar, mar wist de wei
net nei myn kâns, wat wie in fêststeand feit.

De fierte kaam ynienen tichterby,
want troch de sinne loek de mist
rap op en sjoch wat ik doe wist:
de fûgels spilen inkeld mar foar my.

Image

De peal wie ’t sintrum fan in moarntiidstrim
foar swarten op in westersk wiet,
in spegel foar de blanke, dy’t
mei sulverfearren hie de swierste stim.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum