Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Boer en skipper

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De seeën dampe mar omraak
en stoarmen jeie wolken nei it lân,
in grauwe loft dy’t iepengiet,
sa bart it hjoed wat al te faak,
de holle hjit, de fuotten wiet.

Image

As polders reitsje sompich fol,
dan bromme boeren yn it koar it liet:
‘Lit gau foar ús belang ’t gemaal
mar draaie, nei it wurd de died,
want boeren sprekke kleare taal.’

It wetter streamt de boezem yn,
wat is de skûtsjeskipper wol nei ’t sin,
want djipper giet har silersliet:
‘Wy stekke ’t swurd en heine wyn,
dy boeren binne net sa min.’

Image

admin

Yn beweging

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Syn hiele wrâldsje nimt er mei
al traapjend oer de weagen hinne
mei de eagen op ien plak:
de dôber dy’t him wiist de wei
nei wat er helje kin… syn fak
fan fisker, poerallinne.

Image

It is de wrâld dy’t harren lûkt,
want ha sy net in wrâld te winnen
mei de eagen yn it rûn,
de hân dy’t roer en peddel brûkt?
Sy binne oan gjin weagen bûn,
mar slaan har dêr trochhinne.

Oan ’t jongfolk is de fierte jûn,
omdat sy yn beweging binne.Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum