Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Dûbele skôging

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

It wie myn rinnen mear as wurdich,
want ik skôge dûbelop,
earst moarns en letter yn de jûn,
it fierde geometrysk nei de top.

Moarns kaam ik by de fûgelhutte,
dêr’t de sjongers fan it koar
my wolkom hjitten, dat ik fûn
’t natuerlik lykwicht mei in iepen doar.

En doe’t ik nei de himel skôge,
kaam de trijehoek derby,
de streken oan de minsken bûn,
foar my op dizze boppewize nij.

Doe kaam de jûn, de muoite wurdich,
mei ’t natuerlik ûndergean
fan kleuren om de trijehoek,
ik rûn net fierder, mar bleau skôgjend stean.

Image

admin

Marspod

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Hy siet deastil en seach my oan
as hold er my hypnoatysk beet:
wie ’t smeekjend of faaks driigjend?
Hy like libben al ferstoarn
as kaam er fan in stienplaneet.

Hy siet op ’t asfalt fan de dyk
dêr’t ‘k moarns betiid oerhinne rûn,
hy wie troch ’t djippe kommen
mei ’t Fryske pompeblêd út slyk
en einekroas, dat hy dêr fûn.

Wa rûn gefaar, wie ’t hy of ik?
Foar my it gif of hy oars plat,
ik rûn mei dát byld fierder;
it wiere byld joech my in tik:
de ierdske dea wie Marspods lot.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum