Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Slingerstreken

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De Skepper hat gjin gaos wollen,
makke skieding tusken see en lân,
joech Adam al it teken
fan fiif fingers oan de hân:
sa rint de grûn yn streken.

Dy grûnslach rekke yn de holle
by ’t bewurkjen fan it lân,
dat sûnder skeppingspreken
komt it wurk út minskehân:
de ierde leit yn streken.

De Skepper skoep lykwols ek mollen,
mei de bult in ûngeregeld bist,
foar boeren dochs in teken,
dus mei slingers, want sa is ’t:
de minske hat syn streken.

Image

admin

Flugge ieuling

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Op it boeisel stiet de namme
op syn stedsk, dus Sneker Pan,
sels Friezen witte der dan fan
wat skûtsje yn ’t ferline flamme.

Skippers woene it wol witte
dat sa’n skip dy namme hie
en wat no krekt de ynhâld wie,
se ha de tonnen mjitte litten.

Mar in ieu koe nimmen farre
foar de namme en syn brea,
want earder wie de skipper dea
en wêr’t syn skûtsje dan bedarre?

Yn de grêft foar ’t jubileum,
want dit skûtsje, stjerrend wier,
belibbet ljochtsjend hûndert jier,
noch fierste fluch foar in museum.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum