Willem Tjerkstra’s thússide

Posted by admin

admin

Stamsteun

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Se wiene gau besletten,
beide poelbewenners yn it leech:
in trochgeand libben foar de stam
fan swarten mei har wite petten.

Hy wreide út mei trije
swartsjes, boppe read lykas in flam,
in trochgeand libben foel har dreech,
de stam dreau om wat steun te krijen.

Mar boppe har klonk hakken
fan de flatbewenner, noch frijfeint,
dy’t keazen hie foar hegerop,
hy woe yn ’t libben alles pakke.

Hy koe de stam wol brûke,
sloech swartwyt syn slach mei reade kop
en hat syn trouwe steunmaat skeind,
mar ’t stamtal fan de soarte stûke.

Image

admin

By de wei lâns

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Wêr’t de wei ús hinnefiert,
de takomst kin ’t fertelle,
mar it piipkrûd fluitet hjoed it liet
mei klysters, do en swellen.

Alden steane nêst de wei
en litte ’t delgean witte,
mar it piipkrûd plôket hjoed de dei,
it kin der net mei sitte.

Tsjin it blau riist keal de dea,
wa hie dat no ferwachte?
Mar it piipkrûd siert de lege lea
en fluitet hjoed út achting.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum